Froulju SC Hearrenfean ûnderút tsjin Ajax
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn ferlern fan Ajax. Yn Amsterdam waard it 2-0 foar de thúsploech. Ajax is nei fjouwer wedstriden ek koprinner yn de earedifyzje. De froulju fan SC Hearrenfean steane op it fiifde plak.
Nije wike spylje de Feansters in útwedstriid tsjin PEC Zwolle.