Spesjalisten wolle sterkere posysje foar sikehûs Sionsberg

30 sep 2016 - 21:44

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum groeit. It ôfrûne jier waarden hast 18.000 pasjinten holpen. Dat stelt stichting Red de Sionsberg. De aksjegroep hat de lêste tiid ynformaasje sammele fan soarchûndernimmers, húsdokters en spesjalisten. Dat hawwe se bondele yn in saneamd 'Witboek'. Yn it 'Witboek' pleitsje artsen en spesjalisten foar útwreiding fan de stipe oan earste helpferliening troch húsdokters. Red de Sionsberg wol sa iepenheid jaan oer wat der neffens har by de Sionsberg spilet.

Iepenheid

De aksje slút ek oan by de oprop fan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel oan soarchfersekerder De Friesland om iepenheid te jaan oer wat der by it sikehûs oan de hân is. De medyske stêf fan De Sionsberg bestiet foar it grutste part út minsken dy't ek wurkje yn de sikehûzen fan Nij Smellinghe en it MCL. Ut de stikken yn it 'Witboek' docht bliken dat dy beide sikehûzen hieltyd mear pasjinten trochstjoere nei Dokkum. De wachtlisten binne by De Sionsberg folle koarter. Yn it 'Witboek' pleitsje de spesjalisten der dan ek foar it sikehûs yn Dokkum te fersterkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)