Koudumer Bêd & Brochje útroppen ta it noflikste sliepplak

It meast populêre bêd & brochje fan it lân stiet yn Koudum, dat blykt út de saneamde Zoover Awards. De winner B&B Perruque is yn de kategory Bed & Breakfast earste wurden mei de measte en bêste reviews. Zoover.nl is in webside dêr't toeristen witte litte kinne hoe't se tinke oer harren fakânsje-adres. Akkommodaasjes moatte in skoare fan 8,5 of heger krije om yn oanmerking te kommen foar de priis. B&B Perruque yn Koudum skoarde in 9,4.
Neffens eigener Janny Pruiksma is de skoare benammen sa goed om't it personiel altiten persoanlik omtinken hat foar de gasten. Koudum docht it sawiesa goed by de toeristen. Earder al waard bekend dat mar leafst trije toeristyske ûndernimmers út it doarp nominearre wiene foar in Zoover Award. Ek mini-kamping Venema en fakânsjepark de Kuilart stiene op de list foar in Award. Minikamping Venema wûn in Oranje Award, om't se yn de kategory falle dy't heger skoart as in njoggen.