Steatssekretaris wol nij ûndersyk nei misstannen by Alliade

Soarchgroep Alliade © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Der komt in nij ûndersyk nei misstannen by soarchgroep Alliade op It Hearrenfean. Steatssiktaris Van Rijn fan Folkssûnens skriuwt yn in brief oan de Twadde Keamer dat neier ûndersyk needsaaklik is. De Ynspeksje Sûnenssoach en de Nederlânske Soarchautoriteit ha kontakt mei de klokkelieder. Ek ha se oanfoljende stikken opfrege. Van Rijn wol sa gau as mooglik dúdlikens krije oer de misstannen by Alliade. Koartlyn oardiele de ynspeksje dat Alliade de skyn fan belangeferfrisseling oer him ôfroppen hat.
Dêrmei wurdt doeld op it saken dwaan mei in oare organisaasje dêr't ek twa direkteuren fan Alliade by wurkje. Dêr moast fuortdaliks in ein oan makke wurde sa oardiele de ynspeksje. De beide direkteuren binne sels opstapt by Alliade.