Streppel min te sprekken oer training: "Was helemaal niks"

Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel wie net bepaald posityf nei de lêste training fan Hearrenfean foar de topper tsjin PSV. "Nee, ik vond het helemaal niks. Zelfvertrouwen groot? Te groot misschien ja." Neffens Streppel rûn it net by it ôfronden op de goal. "Dat maak je dan bespreekbaar. Meer kun je er niet aan doen."
Hearrenfean hat fierder in sa goed as fitte seleksje. Van Aken trainde folop mei. Marzo hie efkes lêst fan syn heup, mar dat is net sa slim dat hy net spylje kin.
Doke Schmidt en Mitchell Te Vrede stean wol wer op it trainingsfjild, mar trainden freed net mei de earste seleksje mei.
PSV spile ôfrûne woansdei Champions League yn it Russyske Rostov. Yn dy wedstriid foel Jorrit Hendrix blesseard út. Ek Jürgen Locadia en Bart Ramselaar binne net fit en kinne net meidwaan.
Fermoedelike opstelling: Mulder, Marzo, St Juste, Van Aken, Bijker, Schaars, Kobayashi, Van Amersfoort, Zeneli, Reza en Larsson.