Septimber bruts alle waarrekôrs yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It hat yn septimber noch nea earder sa waarm west oan de Fryske kust as dit jier. Op Flylân wie it gemiddeld 18,5 graad. Normaal leit de temperatuer fjouwer graden leger. Der waarden mear rekôrs brutsen yn Fryslân. Ljouwert hie yn septimber mei elkoar 215 oeren sinne, dat hat ek noch nea earder safolle west. Op 13 septimber waard it rekôrwaarm yn Ljouwert en Starum, mei temperatueren fan boppe de 30 graden. Dat wie noch nea earder bard yn septimber.