Wurk oan Sylsbrêge en Grousterdyk by Jirnsum is klear

30 sep 2016 - 12:28
Wurk oan de Sylsbrêge - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De wurksumheden oan de brêge en de Grousterdyk by Jirnsum binne hielendal klear. De nije Sylsbrêge is ûnder oare heger makke. Sa kinne boatsjeminsken no gebrûk meitsje fan de toeristyske farrûte fan Ljouwert nei Snits. Mei de komst fan de nije brêge wolle de provinsje en de gemeente Ljouwert it rekreative farferkear stimulearje.

Ek de Grousterdyk tusken de brêge en it doarp is oanpakt. Sa hat de dyk in nij weidek krigen, binne der nije paden oanlein foar fuotgongers en is de maksimumsnelheid ferlege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)