Ynwenners Warns skriuwe eigen boek

Warns krijt in unyk boek oer it eigen doarp. It boek is makke troch 365 húshâldings út it doarp. Sy krigen yn in perioade fan goed trije jier om bar in wike lang de kâns om in ferhaal oer it doarp of oer harsels yn it boek te skriuwen. Ek mocht der yn tekene wurde of foto's plakt. Dat hat mei-inoar acht mappen opsmiten dy't oer goed in moanne in plak krije moatte yn it úteinlike boek.
It boek komt net op de merk. Der is ien eksimplaar en dat komt te lizzen yn doarpshûs De Spylder.