Man rekket swierferwûne nei fal út heechwurker

© CAMJO Media
By in loads oan 'e Kelvinloane yn Drachten is tongersdeitemoarn in man út in heechwurker fallen. Hoe't dat barre koe, is noch net bekend. De man is troch de fal swierferwûne rekke, mar hy wie noch wol oansprekber. De helptsjinsten binne manmachtich útriden nei it plak fan it ûngelok. Ek de traumahelikopter waard oproppen.
De plysje en de ynspeksje dogge op dit stuit ûndersyk nei it ûngelok.