Fryske webside Taalweb.frl is fernijd

© Taalweb.frl
De webside Taalweb.frl, dêr't Fryske taalhelpmiddels op te finen binne, is fernijd en útwreide mei nije staveringshifkers en in digitale edysje fan it Frysk Hânwurdboek. Derneist is de side responsyf makke. Dat betsjut dat er makliker te brûken is op de mobile telefoan en op de tablet.
De staveringshifker is oanfolle mei likernôch 600 wurden. De oersetter, dy't Fryske teksten nei it Nederlânsk oerset en oarsom, is oanpast oan de nije stavering.