Mol en har bisteboel driigje op strjitte set te wurden

In needgjalp út De Haule: Hanneke Mol driget ynkoarten dakleas te wurden. En dêrmei komme ek har 54 bisten op strjitte te stean. Sûnt 2013 fangt Mol mei har stichting 'Hanna Dierentehuis de 8ste Hemel' âlde en sike bisten op om se in '8-ste Hemel-waardig leventje' te bieden oant harren ein. Mol sjocht de bisten as har eigen famylje en is yn 2014 útroppen ta 'bistefreon fan it jier'. Mar no moatte se troch in skieding, út de wenbuorkerij dêr't de opfang yn sit.
Solo
Dat Mol gek is op har bisten kinne je wol sjen oan alle updates dy't se post op har webside en facebook. It bysûndere fan de stichting is dat Mol hielendal allinnich, dei en nacht foar har 54 bisten soarget. Yn de buorkerij dêr't se no wennet hat se alle romte dêrfoar, mar de pleats stiet te keap. Dêrom hat Mol no oan de bel lutsen en freget se om donaasjes en in nije wenromte foar har en har bisten.