Hoe is it yn Nepal mei de weropbou nei de ierdbeving?

Yn april 2015 waard Nepal troffen troch de swierste ierdbeving yn 80 jier. Tûzenen minsken kamen om it libben en de skea wie enoarm. Oeral yn Fryslân kaam help op gong en waard jild ynsammele.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer hat der yn oktober 2015 hinne west om te filmjen by de weropbou. Hy die dat yn geselskip fan de Stichting Studenten- en Musaharproject Nepal (SMPN) dy't yn Nepal aktyf is mei skoallebou, studintesponsoring en in kompjûterynstituut. Yn oktober 2016 is hy der wer west om te sjen hoe't it der no foar stiet.
We praten mei Gerrit foardat er op it fleantúch stapte.
In jier ferlyn wiest ek al yn Nepal om te sjen by de weropbou nei de ierdbeving fan april 2015. Wêrom no wer hinne?
"Ferline jier wie alles stikken en sieten de minsken ferlegen om help foaral yn it min berikbere episintrum yn it distrikt Gorka. Ik gean der wer hinne omdat alle kapotte skoallen no wer opboud wêze moatte. Mar der hat in flinke moesson west en Nepal is in yngewikkeld lân dêr’t dingen faak net rinne sa as je wolle as hoopje. Ik bin benijd hoe fier't se binne."
Mei wa silst derhinne en wêr silst allegear hinne te sjen?
"Ik gean der krekt as ferline jier hinne mei de Fryske stichting Studenten en Musaharproject Nepal. Sy hawwe dêr sa’n tsien skoallen, in kompjûterynstitút en in projekt om studinten fan stúdzjebeurzen te foarsjen. Ik sil sjen hoefier't se binne mei de weropbou. It is in aventoer want de measte skoallen lizze midden yn it ierdbevingsgebiet heech yn de bergen. Dêr kin gjin auto komme. Je moatte der hinne rinne oer smelle en soms hiel steile en sels wol gefaarlike paadsjes. Je moatte der goed omtinke. Fasiliteiten binne dêr net. We waskje ús yn beekjes of mei sjippe dêr’t gjin wetter by nedich is. Der is net oeral wetter en hielendal net oeral elektrisiteit. We sliepe yn tinten."
Wat hat Fryslân mei Nepal?
"Net mear as mei oare lannen wêr’t it mis giet. Mar dit strjitearme lân is oardel jier lyn troffen troch in ferskriklike ierdbeving. Hûnderttûzenen minsken hawwe it striemin en earm. De stichting dêr’t ik mei reizgje sit dêr al mear as 16 jier en besiket yn de minst tagonklike gebieten bern oan skoallen te helpen."
Wat is dy it measte bybleaun fan dy earste reis?
"De earmoede, de skea, de minne wegen, de smelle en steile paadsjes yn de bergen. Mar ek de fleurichheid fan de skoalbern."
De weropbou kaam dreech op gong nei de ierdbeving. Wat ferwachtest no oan te treffen?
"Ik ferwachtsje dat de skoallen fan de stichting fierhinne klear binne. Mar ik bin bang dat it regear dêr noch hieltyd op de hannen sit en dat der net in soad dien is, foaral net yn it gebiet dêr’t wy hinne geane."
Wêr sjochst it meast tsjinop?
"De smelle paadsjes langs ravinen, foaral dy stikjes dat der hielendal gjin begroeiing njonken stiet en de djipte hast oan je lûkt. Dan moatst de kop derby hâlde. We moatte soms oeren en oeren klimme en dale. Dat is swier, mar ek wol wer lekker. Krekt as hurd sporte en dêr hald ik wol fan. It wurdt in spannende, ynspannende en aventoerlike ûndernimming yn in hiel moai en ferskriklik berchachtich lân mei moaie mar faak strjitearme minsken. Ik ha der sin oan."
Hoe kinne wy dy dizze kear folgje?
"Op alle media. Ik bin op radio alle dagen te hearren yn it programma Weistra op wei. En ik meitsje in reportaazje foar Buro de Vries. Op ynternet hâld ik in vlog by, dus filmkes dy’t ik dêr meitsje en nei Ljouwert stjoer. Dy binne te finen op omropfryslan.nl/nepal of op ús app. Fansels besteget de telefyzje der ek omtinken oan. Nei de reis sko ik oan yn Fryslân Hjoed op 17 oktober. Ik meitsje ek noch in filmke oer ien of meardere skoalbern foar Tsjek."