Jeroen Otter bliuwt langer bûnscoach fan de shorttrackers

Bûnscoach Jeroen Otter © ANP
Shorttrackbûnscoach Jeroen Otter bliuwt ek de kommende jierren trainer fan ûnder oaren Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Suzanne Schulting. It kontrakt fan Otter by reedrydbûn KNSB is ferlinge oant en mei april 2019. Syn foarige ferbyntenis soe ein dit jier ôfrinne.
Otter hat sûnt 2010, doe't er bûnscoach waard, in soad suksessen behelle mei de Nederlânske shorttrackploech. Sa waard Sjinkie Knegt wrâldkampioen en behellen de manlju op de relay in gouden medalje op it Europeesk- en it wrâldkampioenskip.