Húsfesting fan statushâlders yn Fryslân ferrint dreech

Fryske gemeenten en wenningboukorporaasjes hawwe muoite mei it húsfestjen fan statushâlders. Dat blykt út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Sifers fan it COA litte sjen dat hieltyd mear gemeenten net op skema binne mei de taakstelling.
Elke gemeente is ferplicht om foar in bepaald oantal statushâlders in wenning te soargjen. Sa moatte Fryske gemeenten dit jier 1.652 flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning húsfestje. Oant septimber binne se noch mar op de helte. De druk op de Fryske wenningboukorporaasjes is flink tanommen.
Grutte ferskillen
Der binne grutte ferskillen yn Fryslân. By Thús Wonen, aktyf yn Noardeast-Fryslân, giet it goed. Dat komt omdat der in soad leechstân is yn it gebiet troch de krimp. Yn Harns giet it net sa maklik. "We moeten meer statushouders van een woning voorzien. Dit zijn vooral éénpersoonshuishoudens, dus zijn er meer woningen nodig dan als het gezinnen zouden zijn", sa fertelt Petra van der Wier fan De Bouwvereniging. "Daarnaast hebben we dit jaar een herstructurering, ook deze mensen hebben voorrang.'' Se tinke der oer om bygelyks trije ferskillende minsken yn ien hûs te pleatsen.
Langere wachtlisten
De measte wenningbouferieningen fernimme dat de druk op harren tanommen is. De wachtlisten binne oeral langer wurden. Gemeenten meitsje ôfspraken mei de wenningboukorporaasjes oer hoefolle wenningen oft se oan statushâlders leverje. Dat is tusken de 10 en 20 prosint fan de wenningen dy't frijkomme.
De Fryske Marren
Yn de gemeente De Fryske Marren is it probleem it grutst. Dat komt om't it persintaazje sosjale hierwenten yn dizze gemeente gemiddeld folle leger is as yn oare gemeenten. De gemeente moat dit jier 185 statushâlders húsfestje. De wenningboukorporaasjes jouwe ien op de fiif fan de frijkommen wenningen oan in statushâlder. Mar dan is de gemeente der lang noch net. Se moatte dan noch hieltyd oan 89 statushâlders in wenning leverje.
Nijbou
De gemeente hat dêrom plannen om op ferskate plakken nij te bouwen, lykas yn Langwar, Sint Nyk en op De Lemmer. Woansdeitejûn wurdt hjir yn de gemeenteried oer praat. En der binne mear plakken yn 'e provinsje dêr't nijboud wurdt om oan de gruttere fraach foldwaan te kinnen. Sa as oan de Stasjonswei yn Drachten. Hjir komme 24 tydlike apparteminten. Oan de Sickengastrjitte yn Wolvegea wurde 15 ienpersoanswenningen boud. WoonFriesland is fan doel om de kommende tsien jier 500 ekstra hierwenten te bouwen. Wêr krekt, is noch ûnbekend. Alle nije wenningen binne bedoeld foar elkenien dy't in wenning siket, dus net allinnich statushâlders.
Gearwurking gemeenten
Ferskate wenningboukorporaasjes, sa as Lyaemer Wonen en Elkien, soene graach bettere gearwurking tusken de Fryske gemeenten wolle. "Sa kin der útwikseling plakfine sadat fraach en oanbod better op elkoar ôfstimd wurdt", fertelt Nikkie Smit fan Elkien. De gemeente De Fryske Marren giet sels noch in stapke fierder. Se freegje buorgemeenten om in part fan de taakstelling op harren te nimmen. De gemeenten Smellingerlân, Hearrenfean en Ljouwert litte witte dat dêr oer te praten falt. Súdwest Fryslân seit earst oan harren eigen taakstelling wurkje te wollen.
Bybouwe riskant
Tjeerd van der Zwan is foarsitter fan de Vereniging Friese Gemeenten en dielnimmer oan in provinsjale rezjygroep oer flechtlingen. Yn oktober is der oerlis en dan wurdt de stân fan saken bepraat. "We kunnen kijken of uitwisseling van huisvesting en -zo nodig- het overnemen van de opvang van andere gemeenten nodig is.'' Hy hat de yndruk dat de measte Fryske gemeenten de taakstelling wol helje. "In De Fryske Marren en Súdwest Fryslân ligt dit wat moeilijker.''
Ek ferwachtet Van der Zwan dat de taakstelling yn 2017 leger is, omdat der minder flechtlingen nei ús lân komme. "Het is riskant om nu bij te bouwen, terwijl de stroom straks wellicht minder wordt. We willen graag van het kabinet weten waar we aan toe zijn." It Ryk makket yn 'e rin fan 'e hjerst bekend hoefolle statushâlders oft gemeenten yn 2017 opfange moatte.
Ferslachjouster Wendy Kennedy die it ûndersyk. Yn Fryslân Hjoed fertelt se der woansdeitejûn mear oer. Dan is ek in reportaazje te sjen dy't se makke oer in statushâlder dy't yn it azc fan Sint-Anne wennet en op in wenning yn Ljouwert wachtet.