FIDEO: 13 jier nei de rellen Harkemase Boys/Quick Boys

"Dit hat neat mear mei fuotbaljen te krijen". Dat tocht radioferslachjouwer Willem de Vries, doe't yn maaie 2003 spilers en supporters fan Harkemase Boys en Quick Boys út Katwyk elkoar op en om it fjild te liif giene. De wedstriid rûn út op in fjildslach mei knokpartijen.
Kommende sneon treffe beide ploegen elkoar wer en der gean geroften dat der ek Ajax-supporters rjochting De Harkema wolle. Der stiet dus spanning op it duel.
"It wie djiptreurich", sa seit âld-foarsitter Max de Haan, "de ynsittenden fan ien bus kamen echt allinnich mar om te knokken, mar we witte net wêr't se weikamen. Dy manlju sieten wol drank en drugs". It gong om in kampioenskompetysje en it moast in feest wurde, mar dat waard it net. De Haan tinkt dat dat ek kaam trochdat se de advizen om de supporters útelkoar te hâlden, te strikt opfolge hawwe. It hie miskien better west om alle supporters troch elkoar rinne te litten.
Gjin werhelling
De Haan ferwachtet net dat it sneon wer mis gean sil. 'De wedstriid moat op it fjild spile wurde, alle ploegen hawwe driuwend ferlet fan punten".