"Brânfeiligens yn Ljouwert faak ûnder de maat"

De brânfeiligens fan wenningen boppe winkels, kantoaren en restaurants yn it sintrum fan Ljouwert is faak net op oarder. Dat docht bliken ut in stekproef yn opdracht fan de gemeente. Sa binne de flechtrûtes faak te lang, wurkje reekmelders net en binne der gjin brânfeilige skiedingswanden. Fan de tsien kontrolearre gebouwen wiene der njoggen dy't net oan de easken foldiene.
Neffens it ûndersyk witte bewenners en eigeners net dat it gebou net feilich is. Oanlieding foar de stekproef wie de grutte brân oan De Kelders yn Ljouwert yn 2013.