De oanlis fan fluch ynternet rint fertraging op

Glêsfezel © Omrop Fryslân
De oanlis fan fluch ynternet troch de provinsje Fryslân rint fertraging op. Neffens deputearre Poepjes is der mear tiid nedich om it plan ek juridysk rûn te krijen. De provinsje wol tegearre mei Kabel Noord soargje dat ek tinbefolke gebieten glêsfezel krije.
Dy gebieten binne foar kommersjele partijen net ynteressant, mar dyselde partijen soene wol nei de rjochter stappe om de provinsje te beskuldigjen fan ûnearlike konkurrinsje. Om dat foar te kommen wol de provinsje no ekstra tiid nimme om alles juridysk út te sykjen.