Basisskoalle De Gaastmar komt fjouwer bern tekoart

Basisskoalle 'Mids de Marren' fan De Gaastmar hopet op in wûnder. Se moatte foar 1 oktober fjouwer nije learlingen fine en oars is it nei dit skoaljier dien foar de skoalle. Der binne no 19 learlingen en dat moatte der 23 wêze om fierder te kinnen. De skoalle hat fan alles besocht om dat oantal te heljen, bygelyks mei bern fan flechtlingen, mar it is net slagge.
As de skoalle ticht giet, moatte de bern nei Heeg of Aldegea foar ûnderwiis.