Twadde oanhâlding foar wenningoerfal De Lemmer

© ANP
De plysje hat moandeitemiddei in twadde fertochte oanhâlden foar in wenningoerfal op De Lemmer yn april 2015, it giet om in 19-jierrige Lemster. Ferline wike moandei waard yn dizze saak ek al in ynwenner fan Emmeloord oanhâlden.
De oerfal wie op 15 april fan 2015 yn in hús oan de Intang. Der waard oanbelle en doe't de bewenner de doar iepen die, waard hy mei geweld it hús yntreaun, dêrby rekke hy ferwûne. De plysje slút mear oanhâldings yn dizze saak net út.