Jong Cambuur behellet yn Kerkrade earste punt yn kompetysje

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur spile moandeitejûn mei 1-1 lyk tsjin Jong Roda JC. Trainer Arne Slot wie mei in lytse seleksje en in jong alvetal ôfreizige nei Kerkrade. Fan de earste seleksje stiene allinnich Noureddine Boutzamar en Danny Bakker yn ‘e basis by Cambuur.
It wie in belangrike wedstriid foar de Ljouwerters. Sawol Cambuur as de ploech út Limburg stiene nei twa wedstriden sûnder punten ûnderoan. Dat wie ek op it fjild te sjen. Beide ploegen wiene oan elkoar weage. Dochs seach Cambuur by de rêst tsjin in 1-0 eftersân oan.
As it dêrby bleaun wie, hie Cambuur as iennige ploech puntleas ûnderoan stien hie. Mar dêr stuts infaller Rutger Etten in stokje foar. Hy skeat Cambuur nei de rêst op likense hichte. Etten soarge der dêrmei foar dat de Ljouwerters dochs noch mei in punt de fiere weromreis nei Ljouwert meitsje koene.