Twa Ljouwerters oanhâlden foar mislediging plysjes

© ANP XTRA
In 31-jierrige Ljouwerter en in 46-jierrige stedsgenoat binne sneintejûn oanhâlden foar mislediging fan plysjes. De 31-jierrige man waard fuortstjoerd by in opfangfoarsjenning. Dit barde nei't er him misdroegen hie. De man wegere lykwols om fuort te gean, wêrnei't de plysje yngripe moast.
De 46-jierrige Ljouwerter bemuoide him dermei en misledige de plysjeminsken. De oare man gie dêryn mei. Beiden binne hjirnei oanhâlden.