Jierlikse betinking fan de Slach by Warns yn 1345

24 sep 2016 - 18:05

Op it Reaklif oan de Iselmarkust waard sneon de Slach by Warns betocht. Sa'n twahûndert minsken kamen op de jierlikse betinking ôf. It tema fan dit jier wie: De Fryslannen op wei nei 2018. Der wiene sprekkers, optredens en der waard muzyk makke.

Mear gearwurking

De ferskate Fryslannen yn Nederlân, Dútslân en Denemarken moatte mear en better gearwurkje. Mei dy oprop kamen de sprekkers by de betinking fan de Slach by Warns. Sa soe der besjoen wurde moatte oft de in Frysk parlemint komme kin, soe der in ynternasjonale sportwedstriid komme moatte mei Fryske sporten en ek Ost-Fryslân en Nord-Fryslân soene in plakje krije moatte yn it programma fan Kulturele Haadstêd yn 2018. Neist de oprop ta mear gearwurking waard sneon ek sein dat der minder klam lein wurde moat op taal as wichtichste ûnderdiel fan de Fryske identiteit, mar mear op it gefoel dat je Fries binne.

Slach by Warns

De Slach by Warns wie in fjildslach yn septimber 1345, yn de tiid fan de Frysk-Hollânske oarloggen. In leger fan Hollânske soldaten fear oer de Sudersee nei Fryslân. De troepen fan hartoch Jan fan Beaumont wiene ûnder oare fan doel Starum yn te nimmen. Dat slagge net, de Friezen wiene de Hollanners de baas en koene sa de Fryske frijheid behâlde. Pas mear as 150 jier letter kaam dêr in ein oan, doe't Maximiliaan fan Eastenryk de feitlike macht yn Fryslân yn hannen krige.

Trefwurden: 
Slach by Warns betinking 1345
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)