SC Cambuur wint yn slotfaze fan Achilles '29

SC Cambuur hat freedtejûn in 3-1 oerwinning behelle op Achilles '29. Yn de earste helte wiene de Ljouwerters sterker as de gasten út Groesbeek, mar der waard net skoard. Pas yn 'e 62ste minút kaam de thúsploech op foarsprong. Erik Bakker skoarde út in penalty nei in oertrêding op Barto. Barry Beijer fan Achilles krige hjirfoar in giele kaart, mar nei in te fûl protest moast er it fjild ferlitte.
Yn de slotfaze waard it noch knap spannend. Achilles kaam mei noch tsien minuten te gean lyk troch in skot fan Sürmeli. Mei goals fan Ricardo Kip en Ninos Gouriye makken de Ljouwerters dêrnei dochs noch dien wurk.
Takom wike spilet Cambuur in útwedstriid tsjin MVV yn Maastricht.