''It elektrysk fiskjen hat de takomst''

23 sep 2016 - 21:15

Elektryske seefiskersskippen hawwe de takomst. Dat tinkt de Stichting Masterplan Duurzame Visserij. Dizze stichting presintearre freed yn Harns de resultaten fan 'ien jier elektrysk fiskje' mei de Immanuel, ek wol bekend as de Tesla fan de Noardsee. It skip ferbrûkt 80 persint minder brânstof as in regulier fiskersskip yn 2010 en is dêrtroch folle skjinner, stiller en rendabeler.

Rûnfeart

It skip koste mear as 4 miljoen euro en is ûntwikkele mei stipe fan ûnder oare de gemeente Urk en it Ryk. Fan Harns út makke it skip freed in rûnfeart foar politisy. De politisy dy't fearen op it skip wiene sûnder útsûndering entûsjast oer dit earste elektryske seefiskersskip. Itselde jildt foar de sânkoppige bemanning. Ek harren ûnderfining mei it elektryske fiskersskip is posityf.

''In foarbyld foar Europa''

De proef mei de Immanuel rint noch in pear jier. It doel is om yn dy tiid ek it fiskjen en it ferwurkjen fan it fisk noch effisjinter te meitsjen. Der wurdt ek nei stribbe om de byfangst fan fisk dy't net ferkocht wurde mei, safolle mooglik te beheinen. Neffens Europarlemintariër Peter van Dalen (CU), in fiskerij-ekspert yn it Europeesk Parlemint, hat it elektrysk fiskjen op see in grutte takomst. "Dit is de kant dy't we op moatte mei de sektor. In foarbyld foar Europa."

Belangstelling

Dat der ek bûten Nederlân belangstelling is, hat wol bliken dien. In Frânske rederij hat yntusken al trije elektryske fiskersskippen besteld fan itselde type MDV. De Stichting Masterplan Duurzame Visserij sil de proef nije wike tongersdei ek presintearje oan de Europeeske kommisje yn Brussel.

Trefwurden: 
skip elektrysk Immanuel fiskje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)