IIshockeyseizoen giet snein los mei 'Super Cup'

22 sep 2016 - 21:54

It nije iishockeyseizoen wurdt sneintemiddei iepene mei de Ron Berteling Schaal, sis mar de Super Cup foar iishockeyers. De UNIS Flyers binne regearjend lâns- en bekerkampioen, en se spylje sneintemiddei út tsjin sjin de ferliezend bekerfinalist Geleen Eaters.

De seleksje fan Flyerscoach Mike Nason is sa goed as yntakt bleaun. Ymport Harry Matheson is ferfongen troch de Kanadeeske oanfaller Cory MacIntosh en ek by de jongere spilers binne in pear wikselingen.

Nason hopet fuortdaliks de earste priis fan it seizoen te pakken tsjin Geleen. De wedstriid begjin snein om 15.00 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)