Bysûnder stúkplafond komt foar it ljocht yn Dokkum

© Google Street View
By de ferbou fan in monumintaal wenhûs oan de Hânspoarte yn Dokkum is in bysûnder plafond foar it ljocht kaam. It giet om pleisterwurk út 1843. Yn dat jier ferboude de Ljouwerter arsjitekt Thomas Romein it gebou ta wente mei koetshûs. Letter waard der in nije soudering yn set doe't it gebou brûkt waard as kafee en letter as winkel.
De eigeners fan it ferrinewearre gebou wolle it no wer as wente brûke. Se sille ek it bysûndere plafond restaurearje litte. De romte wolle se dan ferhiere as bêd en brochje.