Teloarstelde Joost van Aken mist ek ADO Den Haag

De ankelblessuere fan Joost van Aken is slimmer as tocht waard. De ferdigener fan SC Hearrenfean hat woansdei nei it sikehûs west en dêr die bliken dat er in stikje bonke yn it linkerankel hat. Van Aken hat in soad pine en de kâns dat er sneon meidocht yn de kompetysjewedstriid tsjin ADO is lyts.
Omdat Shay Facey skorst is nei syn reade kaart (twa kear giel) tsjin Roda JC, is de kâns grut dat Lucas Bijker nei it sintrum trochskoot en Caner Cavlan oan de linkerkant komt te stean.