Amtners fan fúzjegemeente Waadhoeke krije plak yn Frjentsjer

De amtners fan de nije fúzjegemeente Waadhoeke wurde ûnderbrocht yn it hjoeddeistige gemeentehûs yn Frjentsjer. Dat is tongersdeitemoarn bekendmakke op in parsekonferinsje. Fan 1 jannewaris 2018 foarmje Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en fjouwer doarpen fan Littenseradiel ien gemeente.
It besteande gemeentehûs fan Frjentsjer moat wol yngreven ferboud wurde. Dat betsjut dat de mear as hûndert meiwurkers tydlik op in oar plak wurkje moatte.
Moetingsplakken
Njonken it plak fan it gemeentehûs fan Waadhoeke is ek bekendmakke dat yn Menameradiel en It Bilt in moetingsplak komt, dêr't ynwenners telâne kinne mei fragen en dêr't de gebietsteams in plak krije. Wêr yn Menameradiel en It Bilt dit komt, is noch net bekend.
De kosten fan de nije húsfêsting wurde rûsd op 6,5 miljoen euro. It moat alle jierren in besparring opsmite fan fjouwer ton. Yn oktober nimme de gemeenterieden noch in beslút oer de plannen. As sy grien ljocht jouwe, kin de ferbouwing yn Frjentsjer takom jier los.