Bou nije fytsekelder by stasjon Ljouwert kin begjinne

By it stasjon fan Ljouwert wurdt tongersdei begûn mei it slaan fan daamwanden foar de nije fytsekelder. De kelder wurdt útwreide, fan 1500 plakken no, nei 3000 plakken aanst. Yn ferbân mei it wurk is it terrein foar it stasjon al hielendal ôfsetten mei stekken en bouketen.
De besteande yngong fan de fytsekelder is ferpleatst nei de efterkant fan it UWV gebou en de âlde yngong is sloopt. Om oerlêst foar de omwenners te beheinen, wurdt foar de daamwanden foar de nije kelder net in hei- of trilblok brûkt. De wanden wurde yn de grûn treaun.
It wurk duorret ûngefear twa wiken. Yn it foar binne al in pear proeven dien, om ferrassingen foar te kommen. Nei it slaan fan de wanden wurdt der betonstoart. Pas oan it begjin fan de simmer fan takom jier is it wurk allegear klear.