Nije bernefilm is earder te sjen yn Appelskea

© Omrop Fryslân
Al foar de offisjele premjêre op 12 oktober, mei it besikerssintrum fan it Drents-Friese Wold de nije bernefilm Uilenbal sjen litte. De film giet oer de 8-jierrige Meral, dy't yn har nije hûs in mûs fynt. Se jout it bistje in namme en nimt de mûs mei op skoalkamp. Mei tank oan de mûs makket se allegear nije freonen, mar dan wurdt de mûs pakt troch in ûle. Mei har nije freonen besiket sy de mûs te finen.
De film is opnommen yn in natuergebiet fan Steatsboskbehear.
Dêrom mei it besikerssintrum yn Appelskea de film al op 8 en 9 oktober sjen litte.
De tagong is fergees, mar je moatte wol yn it foar reservearje.