Grut-Fryslânpaad nominearre foar kuierpriis

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It Grut-Fryslânpaad is nominearre foar de titel 'Wandelroute van het jaar 2017'. De wedstriid wurdt organisearre troch de fyts- en kuierbeurzen fan Utrecht en Gent. De trofee is bestimd foar kuierpaden dy't nij of ferbettere binne. It Grut-Fryslânpaad is in nij lang ôfstânspaad en giet troch Noard-Hollân, Fryslân, Drinte en Grinslân en is 362 kilometer lang. It paad is ien fan de fiif nominearren. De trofee wurdt op 18 febrewaris takom jier útrikt yn Gent.