SC Cambuur mei de hakken oer de sleat yn beker

Cambuur bekeret fierder nei in tige muoisume 1-0 winst by Rijnvogels yn Katwyk. De goal fan Martijn Barto foel yn de lêste minút fan de wedstriid, wêryn't Cambuur wol in soad kânsen krige, mar der net yn slagge om in goal te meitsjen.
Yn de earste helte wie der in soad balbesit foar de Ljouwerters, mar dat levere úteinlik mar ien knappe kâns op foar Ricardo Kip. It yn de tredde difyzje útkommende Rijnvogels bleau sadwaande maklik oerein.
Yn de twadde helte gie it tempo omheech en dat soarge wol foar kânsen, mar goals bleaunen út, mei tank oan keeper Guijt fan Rijnvogels. In healoere foar tiid kaam Barto yn it fjild foar Monteiro. Hy miste de nedige kânsen, mar skoarde úteinlik dochs de winnende goal. Tongersdei wurdt der lotte foar de twadde ronde fan it bekertoernoai.