Lûk: rau mar wol lekker

Lûk krûpt ûnder de hûd fan minsken dy't oars binne. De sjogger wurdt meinommen yn de rauwe wrâld dy't it gewoane foarby giet. De reportaazjes binne dêrom in bytsje frjemd, mar wol lekker en foaral sûnder taboe.
It programma wurdt makke troch in groep jonge entûsjaste sjoernalisten. Twa fan harren, Lennie Bronsveld en Suzanne van Zwam, stelden wy in oantal fragen oer wát Lûk no presys ynhâldt:
Wêr komt de namme Lûk wei?
Lennie: ‘’De namme Lûk is út in brainstoarmsesje ûntstien. De namme is keazen om’t der efter in lûk altyd wat sit, mar wat? Dat is in ferrassing foar de minsken thús mar somtiden ek foar ús, want miskien is it ferhaal efter it lûk wol ûnderbeljochte. Lûk stiet ek foar it Ingelske ‘look’, in blik werpe yn de wrâld fan in oar. Want wy dûke sels ek altyd yn de wrâld fan de haadpersoan sadat wy it bêste begripe kinne werom’t dy persoan foar dat libben en dy libbenswize keazen hat.’’
Wat wie de oanlieding om sa’n programma te meitsjen?
Lennie: ‘’We woene graach wat meitsje wat noch net te sjen wie by de Omrop, wat fernijends dat oare kanten fan it libben der útpikt as wat wy normaliter sjogge. Fierder woene wy graach in programma mei en oer jonge Friezen meitsje wêryn’t rauwe ferhalen nei foaren komme. It is dus net fergelykber mei Hea!, wat mear smûk is as fernuverjend.’’
Hoe sjocht it proses fan in ôflevering meitsje derút?
Suzanne: ’’Earst it ûnderwerp betinke troch it dwaan fan research en dan rûnfreegje en in gast derby fine. Wy hawwe neitocht oer wat wy no echt nijsgjirrich fine, mar ek oer wat wy noch nea by de Omrop sjoen hawwe. Dêrnei begjint it kontakt lizzen. Guon ûnderwerpen lizze wat gefoelich, want net elkenien wol foar de de kamera fansels. Dêrtroch binne in pear ûnderwerpen ek sneuvele spitigernôch. We folgje de measte minsken meardere dagen. Dêr kinne soms moannen tusken sitte. Bygelyks by de reportaazje fan de minimalist Michiel. Dy seach ik earst yn maart en ha ik yn augustus wer opsocht yn Ingelân. Dêrtroch kinst echt de ûntwikkeling fan sa’n jonge sjen. Hiel weardefol is dat, en moai dat dat kin yn dit programma.’’
Hokker ûnderwerpen sille noch oan bar komme de kommende wiken?
Suzanne: ‘’Dizze wike rinne we mei mei in ‘drag queen’. Letterlik meirinne, op de heechste hakken dyt’st ea sjoen hast. En dan maat 45 hin! Peter, dy’t wy folgje yn dy ôflevering, is krekt begûn as drag queen. Njonken de klean en de make-up is er ek in betûft sjonger, en dat nimt er mei yn syn show. Fierder geane wy ûnder oare de doarren del mei in ‘Jehova’s getuige’ en dûke we yn de wrâld fan ‘Wicca’, in soarte fan hekserij.’’
Wat is it frjemdste of heftichste dat jimme meimakke hawwe mei de opnamen fan Lûk?
Suzanne: ‘’Ik trof sels in folslein lege húskeamer oan yn it hûs fan Michiel, in minimalist. Hy hie allinnich noch twa kessentsjes, en in deade plant... Kollega Johanna wie foar de opnamen yn Spanje by in bollefjochterij. Dat wie ek echt wol sjokkearjend, se hat sjoen hoe’t se in ôfmakke bolle út de arena fuortsleepten.
Yn Fryslân Hjoed wurdt alle woansdeis oandacht bestege oan de reportaazjes en Lûk is online yn syn gehiel te sjen op omropfryslan.nl/luk.