Thialf wol prestaasjes ferbetterje mei nij ynnovaasjelab

IIsstadion Thialf moat it ynnovaasjesintrum fan de wrâld wurde. Om dat te berikken wurket Thialf gear mei Sportstêd en Topsport Noord oan it ynnovaasjelab Thialf. Tegearre mei reedridersbûn KNSB en sportbûn NOC*NSF wolle dizze partijen de reedridersbeleving en -prestaasjes ferbetterje.
Digitale techniken wurde ynset om materieel, klean, sûnens en it mjitten fan prestaasjes te ferbetterjen. Thialf moat dêrneist in foarbyld wurde fan in multyfunksjoneel, duorsum en rendabel sportsintrum mei de bêste fasiliteiten foar de topsport.
Thialf, ek foar turners, judoka's en swimmers
It ynnovaasjelab rjochtet him net allinnich op reedriders en skeeleraars, mar ek op Olympyske sporten as turnjen, judo en swimmen. By de bou fan it nije Thialf is al rekken hâlden mei it nije sintrum.