Ljouwert nimt maatregels foar tekoarten jeugdsoarch en Wmo

Der driget foar takom jier in tekoart fan 12 miljoen euro op de jeugdsoarch en de Wmo yn Ljouwert. Dit jier is dat tekoart al 9 miljoen euro. Sûnt it ryk taken yn 2014 oerhevele hat nei de gemeenten, moat Ljouwert it mei 27 miljoen euro minder dwaan.
Neffens wethâlder Thea Koster ûntkomt de gemeente Ljouwert dan ek net oan hurde maatregels om de tekoarten op te fangen. Sa wurdt der neitocht oer in eigen bydrage by help. Mooglik moatte wykteams har tenei mear rjochtsje op de jeugd yn stee fan de âlderein.
Fokus op jongerein
De gedachte der efter is dat at je problemen op jonge leeftiid foarkomme, je letter jild besparje. Fierder wurdt besjoen oft der foarsjennings skrast wurde kinne. Ljouwert wol derneist mei opfangsintrum Fier om tafel. It docht bliken dat der jongerein út it hiele lân wei opfongen wurdt. Oare gemeenten soene dêrom ek in bydrage leverje moatte, seit Ljouwert.