Wethâlders moatte harren ferantwurdzje foar Caparissaak

It filiaal fan Caparis yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Ljouwerter wethâlders Ekhart en Feitsma moatte harren takom wike yn de ried ferantwurdzje foar harren rol yn it Caparisdebakel. De gemeenteried fan Ljouwert fynt dat de beide wethâlders gjin dúdlike antwurden jouwe op fragen. Yn plak dêrfan is besletten in bemiddelder yn te setten, want dat wie de beste opsje, neffens Ekhart.
Ekhart ferwachtet op koarte termyn dat de measte problemen by de sosjale wurkfoarsjenning oplost binne.
Tongersdei wurde der trije nije kommissarissen ynstalearre. Ek wurdt úteinset mei de ûntmanteling fan Caparis. Sa nimt de gemeente Ljouwert 59 minsken dy't wurkje yn de grienfoarsjenning yn tsjinst.
Ekhart fynt it no noch te betiid om te praten oer it eigen funksjonearjen. De folsleine ried fynt lykwols dat de beide wethâlders mei it wetter foar de dokter moatte. Der is tefolle misgean by Caparis. Der moatte de bestjoerders harren yn de ried oer ferantwurdzje, binne de riedsleden fan betinken.