Noardpoalreis duorsum sylskip Ecolution giet net troch

De Ecolution
De reis dy't it duorsume sylskip Ecolution om de Noardpoal meitsje soe, giet net troch. De organisaasje koe it jild net byelkoar krije. It flaggeskip fan de stichting WadDuurzaam, dat yn de haven fan Lauwerseach leit, soe dit jier op ekspedysje gean. It skip soe in rûte folgje dy't earder fanwege de iisgong net mooglik wie. Troch de opwaarming fan de ierde kin dat no miskien wol.
De Ecolution is in enerzjysunich, duorsum sylskip dêr't ek op wenne wurde kin en dat ûntwikkele waard troch Wubbo Ockels.
Ynternasjonale gasten
It wie de bedoeling dat ynternasjonale gaste meifarre soene op de Noardpoalreis, lykas opinymakkers, ûntdekkingsreizgers, astronauten, wittenskippers, sjoernalisten en natuerbeskermers.
Nochris besykje
'De initiatiefnemer heeft het geld niet bijeen kunnen krijgen en daarom is de reis afgeblazen', seit Rob Pikkert fan de stichting WadDuurzaam. 'Er wordt nog een poging gedaan de expeditie later rond te krijgen, maar dat moet dan wel passen in de plannen die wij met het schip hebben.'