Ynbraken by winkels yn binnenstêd fan Dokkum

By lunchroom De Koffiepot waard it slot ek stikkemanne. Der is jild stellen
Yn de binnenstêd fan Dokkum is it ôfrûne wykein by fiif winkels ynbrutsen of besocht yn te brekken. De wize fan ynbrekken wie hieltyd gelyk: Mei in skroevedraaier of boarmasine waard besocht it slot stikken te draaien. It giet om winkels oan de Syl, de Grutte Breedstrjitte en de Lytse Breedstrjitte. By in bakkerij waard alles oer de kop helle en by in lunchroom waard jild stellen.
Op kamerabylden fan ien fan de winkels binne trije jongemannen te sjen. De plysje ûndersiket de ynbraken.