Twaspjalt oer útwreiding bedriuweterrein by Ie

Der is spul oer de útwreiding fan in bedriuweterrein by it doarp Ie. Plannen dêrfoar bin der al jierren om't in mechanisaasjebedriuw en en twa transportbedriuwen te min romte hawwe. De gemeente is ree mei te wurkjen en hat sels de help fan lânskipsarsjitekt ynskeakele om it plan yn te passen yn de omjouwing.
Der is lykwols dochs in beswierskrift yntsjinne en dat falt min yn it doarp. Neffens de beswiermakker soe der sels sprake wêze fan in 'fijannige sfear'.
Wethâlder Albert van der Ploeg fan Dongeradiel fynt it hiel ferfelend, mar hopet dat it beswier noch sûnder tuskenkomst fan de rjochter weinaam wurde kin. Letter fan 'e wike is der in petear tusken alle partijen.