Plysjebegelieding fan MH17 nei Eneco Tour

19 sep 2016 - 17:02

De plysjebegelieding fan de hurdfytsers by de Eneco Tour is dien troch de Landelijke Eenheid Driebergen mei goed tweintich motors.

De ienheid hearde eartiids by de plysjes mei de Porsche's. Se dogge begelieding fan allegear soarten eveneminten. It bekendste dat se dien hawwe, is de begelieding fan de ritten mei de slachtoffers fan de fleantúchramp mei de MH17 fan Eindhoven nei Hilversum. De ienheid bestiet takom jier fyftich jier.

By de Eneco Tour moasten se it ferkear stilsette, sadat er feilich ferriden wurde koe. It dreechste foar plysje-ienheid wie it ferskil yn drokte.

'Het ene moment is het hartstikke rustig, het andere is het hectisch druk. De overgang is voor mijn mannen lastig', sei kommandant Freek Zwaagman fan de LED. Se hawwe de Eneco Tour fan Boalsert oant Boalsert sûnder swierrichheden begelaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)