Groenewegen wint de Fryske etappe fan de Eneco Tour

Dylan Groenewegen is de winner wurden fan de earste etappe fan de Eneco Tour. Nei in flakke rit fan 187 kilometer troch it súdwesten fan de provinsje einige de striid yn in massasprint. Lange tiid wie der in kopgroep fan fiif man mei dêryn ûnder oare de Belch Laurens de Vreese. Yn de lêste kilometers foar de finish waard de kopgroep ynhelle troch it oanstoarmjende peloton. De etappe krige in soad omtinken yn de doarpen en stêden dêr't de tocht delgie. In protte minsken stiene oan de kant fan de dyk de hurdfytsers oan te moedigen.