Nije apparteminten foar bern yn krisisopfang yn Snits

© ANP XTRA
Yn Snits binne fjouwer apparteminten geskikt makke foar bern yn de krisisopfang. Bern kinne dêr op ferhaal komme, ûntspanne en boartsje, en de ellinde ferjitte dy't se meimakke hawwe.
It oanpassen fan de apparteminten is dien op inisjatyf fan de opfangorganisaasjes LIMOR en stichting Het Vergeten Kind. De huzen wurde tongersdei offisjeel iepene.
67 bern
De berne-opfanghuzen binne fan LIMOR en de stichting Het Vergeten Kind. De Landelijke Instelling voor Maatschappelijke Ondersteuning en Rehabilitatie (LIMOR) helpt minsken dy't yn de problemen kaam binne en nearne oars telâne kinne. Dat kinne dak- en thúsleazen, ferslaafden, minsken mei psychyske problemen of skulden wêze, mar ek minsken dy't yn de finzenis sitten hawwe. Ferline jier hat LIMOR yn Fryslân likernôch twahûndert persoanen en húshâldings opheind. Dêr sieten 67 bern by.
It ferjitten bern
De stichting Het Vergeten Kind set him yn foar bern waans wolwêzen en ûntwikkeling slim bedrige wurdt. Sy groeie faak op yn de opfang of yn in ûnfeilige of ynstabile thússituaasje. Het Vergeten Kind biedt biedt kreative en sportive aktiviteiten oan, en fakânsje foar de bern.