Net in wurdboek mar in burdboek yn Sint-Nyk

Se hjitte net allegearre Jan, Piet, Joris of Korneel, mar se hawwe wol allegearre in burd. De manlju dy't yn it boek 'Baardmannen' fan fotograaf Arie Bruinsma stean. Dizze wike wurdt yn Sint-Nyk de lêste hân lein oan it bysûndere fotoboek. Yn totaal 200 manlju mei burden fertelle harren ferhaal oer it hier op har kin. Hûnderten minsken hawwe meibetelle oan it mooglik meitsjen fan it boek, dat kommende sneon offisjeel presintearre wurdt.
Yn it boek steane benammen Friezen, mar bygelyks ek de eardere winner fan 'Heel Holland Bakt' Menno de Koning stiet yn it boek.