Eneco Tour fan start yn Boalsert

De Eneco Tour is niiskrekt yn Boalsert fan start gien. Om kertier oer tolven klonk it startskot foar it hurdfytsevenemint. Krapoan 180 hurdfytsers dogge mei oan de wedstriid. En it binne net de minsten dy't troch Fryslân fytse: Olympyske kampioenen, oare medaljewinners, it is de 'crème de la crème' fan it mondiale fytsen, dat aanst miskien wol by dy efter hûs delfytst. De rûte rint fan Boalsert fia ûnder oare Snits en Aldemardum troch it suden fan de provinsje.
Tour nei Fryslân
De Eneco Tour sil takom jier net wer fanút Boalsert ferriden wurde. De druk op de hast 200 frijwilligers, dy't ek belutsen binne by de fytsalvestêdetocht, soe oars te grut wurde. De organisaasje sil wol besykje om de tour yn 2018, it jier fan kulturele haadstêd, wer nei Fryslân te heljen. Nei alle gedachten sil de start dan yn Ljouwert wêze.
De Eneco Tour is moandeitemiddei fan 15.00 oere ôf live te sjen op Omrop Fryslân TV.