Ljouwerter mei gaspistoal oanhâlden foar mishanneling

Oanhâlding © ANP
De plysje hat sneintejûn in 31-jierrige Ljouwerter oanhâlden, dy't krekt derfoar syn 30-jierrige eks-freondinne yn har hûs mishannele hie. De man hie derneist in gaspistoal by him.
De frou die op it buro oanjefte en joech oan dat har eks-freon noch mei it pistoal yn har hûs oan de Jan Lievenstrjitte siet. Plysjes ha de man dêr oanhâlden. Hy hie syn gaspistoal yn de badkeamer ferstoppe. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.