Oranjefroulju ferlieze fan de VS

Sherida Spitse yn aksje foar Oranje © awfoto.nl
It Nederlânske frouljusalvetal mei dêryn keepster Loes Geurts en middenfjilder Sherida Spitse hat dit wykein harren oefenwedstriid tsjin de VS ferlern. Spitse mocht fuort fan de start ôf oan meispylje. By rêst wie de stân tsjin de wrâldkampioenen noch yn lykwicht mei 1-1. Mar yn de twadde helte gie it mis foar de Oranjefroulju. Oanfierder Mandy van den Berg makke koart nei de rêst in eigen doelpunt, wêrnei't de Amerikaanske Allie Long yn de 77e minút mei de 3-1 de wedstriid yn it slot smiet.
It oefenduel wie de earste ynterlânwedstriid fan it seizoen foar de froulju, dy't harren klear meitsje foar it EK yn eigen lân takom jier.