Hurdriders mei 150 oer klaverblêd It Hearrenfean

Twa autobestjoerders binne sneon it rydbewiis kwytrekke om't se fierstente hurd rieden. De twa waarden pakt op it klaverblêd op de A7 by It Hearrenfean. Dêr waard mei in lasergun op snelheid kontrolearre. Beide bestjoerders rieden mear as 50 kilometer yn 'e oere te hurd.
Op it klaverblêd is in maksimumsnelheid fan 100 kilometer yn 'e oere tastien. De pakte bestjoerders rieden 152 en 153 kilometer yn 'e oere.