Jannick de Jong einiget as twadde op WK gersbaan

Jannick de Jong fan De Gordyk is sneontejûn twadde wurden by it wrâldkampioenskip gersbaan yn it Dútske Vechta. De regearjend wrâldkampioen waard yn de lêste fan fiif wedstriden om de wrâldtitel twadde efter de Dútser Erik Riss, en dat wie net genôch foar de titel.
De Jong hie noch in lytse kâns om syn wrâldtitel te prolongearjen, mar moast om dat te dwaan16 punten goed meitsje op Riss. Al foar de heale finale fan sneon waard dúdlik dat dat net slagje soe en dus hie Riss, dy't yn 2014 ek wrâldkampioen waard, de titel binnen.
Theo Pijper
Theo Pijper fan Rinsumageast helle it poadium fan it wrâldkampioenskip krekt net. Pijper berikte sneon de A-finale en waard dêryn tredde efter Riss en De Jong. Syn puntetotaal nei fiif wedstriden wie lykwols net genôch foar in poadiumplak yn it einklassemint. Hy helle 83 punten en dat wie ien punt minder as nûmer trije, Mathieu Tresarrieu út Frankryk.
Einstân wrâldkampioenskip 2016:
1. Erik Riss, 122 punten
2. Jannick de Jong, 101 punten
3. Mathieu Tresarrieu, 84 punten
4. Theo Pijper, 83 punten
5. Dimitri Bergé, 81 punten