Grienfestival mei as tema duorsumens yn Drachten

Drachten stie sneon yn it ramt fan in griene takomst. De gemeente Smellingerlân organisearre dêr in grienfestival om de ynwenners sjen te litten wat der allegearre op it mêd fan duorsumens mooglik is. Sa'n sechstich ûndernimmers stiene mei diskes op it Riedhúsplein om de minsken te fertellen wat se op it mêd fan fergriening te bieden hawwe.
De gemeente hâldt de grienmerk yn it ramt fan plannen foar in duorsum Smellingerlân yn 2040. Yn novimber moat de gemeenteried in beslút oer de plannen nimme.