FrieslandCampina jout boeren jild as se minder molke leverje

Melke © ANP
Suvelkonsern FrieslandCampina jout fan 1 oktober boeren jild as se minder molke oan it fabryk leverje. It giet om 10 eurosint de liter. De fabrikant spilet dêrmei yn op de plannen binnen Europa om de molkeproduksje te beheinen.
De molkpriis leit op it stuit tige leech, wat by in soad boeren foar problemen soarget. Mei de maatregel hopet FrieslandCampina ek de fosfaatproduksje nei ûnderen te heljen. De 10 eurosint komt boppe-op de 14 eurosint dy't de Europeeske Uny jout foar molke dy't net oanlevere wurdt.
Alle leden fan de suvelkoörporaasje kinne har oanmelde foar de kompensaasje, mei útsûndering fan biologyske en biodynamyske melkfeehâlders. De aksje jildt oant en mei 31 maart 2017.
Eelke Lok makke ferline jier de dokumintêre 'Molke en stront' oer kwotumfrij buorkjen: